Wereldprimeur! Het eerste boek over beerenburg.
Samengesteld door Harry de Jong, Niels Westra, Piter Wilkens en uitgeverij Louise.
Met verhalen, weetjes, foto’s en liedjes over kruiden, liefhebbers, pioniers en legendarische merken als Sonnema, Boomsma, Joustra, Westra en Plantinga.
Alles wat je wil weten over beerenburg. Het hoe en waarom dit ‘goddelijke’ vocht een centrale rol speelt in onze samenleving.
Der besteane in hiel soad boeken oer wyn, bier en whisky.
Al hiel lang rûn ik mei it idee om en meitsje ris in boek oer bearenburch.
No, mei de Corona hie ik dêr tiid foar en fûn samar in skriuwer, in kykjeflapper, in útjouwer en in sponsor.
Tegearre mei fotograaf Niels Westra en skriuwer Harry de Jong luts ik it lân yn om te sykjen nei de woartels fan dit ‘oer’ Nederlânske produkt. De mythes, de oarsprong, wat is wier en wat net?
Bearenburch is in moai stikje Fryske kultuerskiednis, sit fol sterke ferhalen en kriget hyltyd mear in plak yn de streekeigen produkten en keuken.
Mei nocht ha wy mei-elkoar dit boekje yninoar setten.
It wie in hiele aardichheid en brocht my ta it skriuwen fan wer nije lieten.
Snein 29 maaie is de presintaasje fan dit alderearste bearenburch boek. Weduwe Joustra hat har oanbean as gastfrou en spitich is de romte beheind. It kin allinne mar op útnoeging.
Mar, nei 29 maaie leit it boek yn alle winkels en is it ek te bestellen fia myn webside.